Famke (3) ferwûne op A7

08 des 2013 - 16:59

Op autodyk A7 by de oprit fan De Tynje en Terwispel hat sneintemiddei in oanriding plakfûn dêr't twa auto's by belutsen wiene. Yn de iene auto siet in echtpear en in famke fan 3 jier út Nij Beets. It famke is mei ferwûnings oan de holle oerbrocht nei it sikehûs.

Yn de oare auto siet in 81-jierrige man út Grins, dy't neffens de plysje net goed wurden is. Dêrom is in mobyl medysk team ynskeakele. De man moast ek troch de brânwacht út syn auto helle wurde. De krekte oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend.

Trefwurden: 
A7 oanriding Terwispel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)