Jesper Hospes 5e op 500 meter

© awfoto.nl
Jesper Hospes is snein fiifde wurden op de 500 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Berlyn. Hy die dat yn in tiid fan 35.04. Der wiene twa winners yn Berlyn, want Tae-Bum Mo en Joji Kato klokten eksakt deselde tiid, nammentlik 34.87. Tae-Bum Mo waard úteinlik de offisjele nûmer ien. Yn rjochtstreeks duel fersloech hy syn konkurrint Michel Mulder, dy't yn 34.95 oer de streek kaam en tredde waard.
Letter snein ride de froulju yn de A-groep de 1000 meter en de ploege-achterfolging en de manlju de 5 kilometer.