Unrêstige nacht yn Jirnsum

Plysjejas © ANP
De plysje moast sneintemoarn betiid yn aksje komme yn Jirnsum. Dêr wie it nei slutingstiid fan in kafee ûnrêstich wurden. Der waard treaun en lutsen en twa minsken krigen úteinlik klappen. Wat de oanlieding west hat, is noch ûndúdlik.
In 22-jierrige Jirnsumer en in 21-jierrige man út Boarnsterhim joegen in sinjalemint fan de mooglike dieder. De plysje koe de fertochte lykwols net mear achterhelje. De saak wurdt noch ûndersocht.