Rige ynbraken yn Fryslân

Der is sneontemiddei en -jûn 14 kear ynbrutsen yn wenningen yn Fryslân. Dat wie fiif kear yn Drachten, twa kear op 'e Jouwer en yn Ljouwert en ien kear op It Hearrenfean. Yn de measte gefallen kamen de dieders yn 'e hûs troch in iepensteand rút of troch in rút te fernielen. Der waard jild, sieraden en kompjûterapparatuer meinommen.
De plysje slút net út dat de ynbraken yn organisearre ferbân pleegd binne.