Natuerklups ferlieze leden

08 des 2013 - 10:48
  • Website It Fryske Gea

It tal leden fan natuer-en miljeuorganisaasjes yn ús lân is it ôfrûne jier foars weromrûn. Mear as 120.000 leden ha har lidmaatskip opsein en dat is mear as oait. Dat docht bliken út de jierlikse Vroege Vogels Parade fan it radioprogramma Vroeg Vogels. De natuerorganisaasjes yn Fryslân litte in wikseljend byld sjen. It Bûn fan Fryske Fûgelwachten is stean bleaun op it 17e plak, mei rûchwei itselde tal leden. De Waadferiening ferlear 800 leden, direkteur Berkhuysen neamt dat "soarchwekkend".

By it Fryske Gea waarden foarich jier 400 nije donateurs ynskreaun. Dat is foaral te tankjen oan de aksje fan soarchfersekerder De Friesland, nije klanten kinne automatysk kieze foar it lidmaatskip fan in provinsjale natuerorganisaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)