Arjan Stroetinga wint yn Assen

08 des 2013 - 00:07

Arjan Stroetinga hat yn Assen de njoggende maraton om de maraton cup wûn. Nei 125 rûntsjes wie Stroetinga yn de sprint de bêste. Ploechmaat Bob de Vries waard twadde, Jan Maarten Heideman tredde. Foar Stroetinga, ynwenner fan Waskemar, wie it de 47e oerwinning yn it maratonpeloton. Dat is likefolle as âld-topper Richard van Kempen. Heideman is rekôrhâlder mei 76 oerwinnings.

De wedstriid by de froulju waard wûn troch Mariska Huisman, foar Foske Tamar van der Wal en Janneke Ensing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)