ONS wint mei 4-1 fan Lisse

Yn de topklasse hat ONS Boso Snits sneon thús royaal wûn fan FC Lisse, it waard 4-1. Yn de fyfde minút waard it al 1-0 troch in goal fan Martijn Roosenburg nei in hiele rappe útfal en yn de 13e minút makke Jacob Noordmans de 2-0. Foar rêst kaam Lisse noch werom nei 2-1 mei in geweldich skot fan hiel fier fan Tom Zoontjes. Yn in bêste twadde helte makke Chirs de Wagt yn de 65e minút de 3-1 en in kertier foar tiid bepaalde Jurjen Bosch de einstân op 4-1. ONS stiet mei 23 út 15 kreas yn de brede middenmoat.