Lykspul Harkemase Boys

07 des 2013 - 16:33
  • Keeper Erick Jansema kearde twa strafskoppen

Harkemase Boys hat thús 3-3 gelyk spile tsjin Go Ahead Kampen. De Boys kamen binnen it kertier mei 2-0 achter. Go Ahead wie de earste helte folle sterker en wie benammen gefaarlik fia de kounter. Krekt nei rêst skoarde Robin Huisman de Jong en yn de 68e makke hy el de lykmakker troch de strafskop te benutten. Go Ahead moast dêrnei mei 10 man fierder nei de twadde giele kaart foar Koomen. Yn de 78e minút kamen de Boys op foarsprong troch in goal fan Heine Uuldriks, mar Go Ahead kaam yn de 85e minút noch werom, troch in goal fan Zandbergen.

Drachtster Boys gie yn Emmeloard mei 2-0 ûnderút tsjin Flevo Boys. Neffens trainer Fred de Boer fan Drachtster Boys in terjocht ferlies. Flevo Boys wie tûker yn de ôfwurking, hoewol't it fjildspul aardich oanelkoar weage wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)