Undernimmers wolle referindum

07 des 2013 - 13:25

De ûndernimmingsferienings út Skarsterlân, Gaasterlân en Lemsterlân wolle dat der in referendum komt oer de namme fan de nije fúzjegemeente. De diskusje oer de takomstige namme fan fúzjegemeente De Fryske Marren rint heech op. De nije gemeenteried wol de hjoeddeistige wurknamme 'De Friese Meren' feroarje yn 'De Fryske Marren'.

By de ferkiezing is dêroer in peiling hâlden, de útslach tusken de Nederlânske en de Fryske namme rûn lykop. De FNP, de grutste partij, wol dat de gemeente de Fryske namme krijt. Koälysjepartner CDA giet dêryn mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)