Topdrokte foar seehûnekresj

De stoarm fan tongersdei soarget no foar topdrokte foar de minsken fan de seehûnekresj Pieterburen. Tsientallen seehûnen binne troch de stoarm yn 'e problemen kommen. Troch de hurde wyn en it hege wetter binne se de mem kwytrekke en spiele oan. De gûlers waarden sneon sammele by Surch en dêrwei nei Pieterburen brocht.
De minsken fan de seehûnekresj jouwe de minsken it driuwende advys om in gûler net op te pakken, mar gewurde te litten.