Plysje fynt partij medisinen

De plysje hat tongersdei by in 37-jierrige man út Ljouwert in grutte partij swiere medisinen oantroffen. De man hat de medisinen net foar eigen gebrûk noadich en dêrom tinkt de plysje dat it guod stellen is. De plysje siket dan ek de eigener fan de medisinen. It giet ûnder oare om Tramadol en Methylfenidaat. Wa't mear wit kin kontakt opnimme mei de plysje op 0900-8844.