Wenboat Ljouwert sonken

07 des 2013 - 11:55
  • (fotofoarbyld)

In wenboat oan de Oostergrachtswal yn Ljouwert is sneontenacht sonken, nei't de wetterlieding knapte. It wetter kaam yn it rom terjochte en de boat kaam dêrtroch djipper yn it wetter te lizzen. De brânwacht wie gau op lokaasje en it wetter koe ôfsletten wurde.

It wenskip is leechpompt. De brânwacht koe it wetter lykwols net yn de grêft rinne litte, omdat it wetter fersmoarge wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)