Mayon Kuipers wint 500m Berlyn

Mayon Kuipers © ANP
Mayon Kuipers hat sneontemoarn by de wrâldbekerwedstriden yn Berlyn de 500 meter yn de B-divyzje wûn. Se die dat yn in tiid fan 38.96. Marrit Leenstra einige krekt bûten it poadium op it fjirde plak. Sy kaam yn 39.24 oer de finisj.
De manlju riden yn de B-divyvzje in 1000 meter, dy waard wûn troch Thomas Krol yn 1.09.88, hy wie dêrmei de iennichste dy't in tiid ûnder de 1.10 delsette. Lennart Velema waard tredde yn 1.10.38. De 1500m foar froulju waard yn de B-divyzje wûn troch Jorien ter Mors yn 1.54.88, twadde waard Jorien Voorhuis.
Yn Berlyn komme de froulju yn de A-divyzje sneon yn aksje op de 500 en 1500 meter, de manlju starte op de 1000 meter en de ploege-achterfolging.