Tûzenen likes Friese Meren

Facebookpagina 'Stop de Friese Meren met geld verkwisten' hat al mear as 2000 likes. Reden foar oprjochtster Corrie de Jong fan De Jouwer en ûndernimmer Frits Wind út Rotsterhaule om it profesjoneel oan te pakken. Moandei wurdt by de notaris de stichting 'Vriend van de Friese Meren' oprjochte.
De diskusje om de takomstige namme fan fúzjegemeente De Friese Meren is heech oprûn. De nije gemeenteried hat plannen om de hjoeddeistige wurknamme 'De Friese Meren' te feroarjen yn 'De Fryske Marren'.
Hoefolle dat krekt kostje moat is neffens de ried noch net dúdlik. Op basis fan de nammeferoaring by de weryndieling fan de gemeente Súdwest-Fryslân wurde de kosten foarearst rûsd op 4,5 ton. Jildfergriemerij neffens stichting 'Vriend van de Friese Meren'.