'Coastal Chariot' te wetter

Yn Warten is freed wer in skip te wetter litten: de Coastal Chariot. Dat is bysûnder, want by skipsbouwer Bijlsma Wartena hat it mear as fyftjin jier stil west. Yn 1996 is yn Warten it lêste skip te wetter litten, wêrnei't it bedriuw letter fallyt gong.
Twa jier lyn is der foar it earst wer in skip te wetter litten en freed waard alwer it twadde skip oplevere. Direkteur Tjeerd Wiebe Bijlsma is grutsk dat der yn Warten lang om let wer grutte skippen makke wurde. Ek wurdt der troch de krisis mear gearwurke mei oare bedriuwen, seit Bijlsma