Wüst tredde op 3000 meter

06 des 2013 - 17:15

Ireen Wüst hat freedtemiddei beslach lein op it tredde plak op de 3000 meter by de wrâldbeker yn Berlyn. Se ried in tiid fan 4.03.50 en is dêrmei Antoinette de Jong fan Rottum foarbleaun. Dy waard fiifde yn 4.04.01.

Jorien Voorhuis is sechsde wurden en Linda de Vries waard achtste. Martina Sablikova hat de wedstriid wûn yn 4.02.25. Claudia Pechstein einige as twadde yn 4.02.96. Yn de B-groep ried Jorien ter Mors de bêste tiid fan de dei: 4.02.23.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)