Hettinga kriget postúm Anjer

De Fryske Anjer is freedtemiddei postúm útrikt oan de dichter Tsjêbbe Hettinga. Hettinga ferstoar yn maart. Hy kriget de priis foar de ynternasjonale erkenning dy't er mei syn dichtkeunst behelle, en yn it bysûnder dat er de Fryske taal as ynspiraasjeboarne brûkte.
De Anjer waard yn ûntfangst naam troch de soan en dochter fan de dichter. Neist in keunstwurk bestiet de priis út in jildbedrach fan 2500 euro.