Seehûnen op drift op Waadsee

In soad jonge seehûnen binne op drift rekke yn de Waadsee troch de kombinaasje fan stoarm en heech wetter. De measte saneamde 'gûlers' spiele oan op Skylge of Flylân. Op Skylge binne al fyftjin teld. Hoefolle oft it op Flylân binne, wie troch it hege wetter noch net te sizzen.
Op de Richel wie gjin jonge seehûn mear te sjen. Dat is ien fan de wichtichste plakken dêr't seehûnen jongen krije. Foarearst bliuwe de jonge bisten op de kust lizzen, omdat der noch memmebisten yn de omjouwing sjoen wurde.
Op Skylge warskôgje de gemeente en Steatskboskbehear dat minsken de jonge bisten gewurde litte moatte. Ut hiel Nederlân wei binne nei de stoarm seis seehûnen nei de seehûnekresj Pieterburen yn Grinslân brocht.