Enkête Waadklup oer wynmûnen

06 des 2013 - 14:41

De Waadferiening wol fan de leden witte wat sy fine fan wynmûnen yn it Waadgebiet. De leden kinne harren miening jaan yn in enkête op de webside fan de feriening. Fierders wurdt in tal leden persoanlik benadere.

De útkomst sil brûkt wurde om it stânpunt fan de feriening oangeande wynenerzjy te bepalen. Neffens de feriening is dat dreech. Oan de iene kant is de Waadferiening foarstanner fan duorsume enerzjy, oan de oare kant soene de wynmûnen in bedriging foarmje kinne foar it Waadgebiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)