Dykbewaking opheft

06 des 2013 - 14:37

Wetterskip Fryslân hat de dykbewaking freedtemiddei om twa oere hinne opheft. De wetterstân stiet yn de hiele provinsje no ûnder de krityske grins fan 2.90 meter. Freedtemiddei binne de ynspekteurs fan it wetterskip noch op 'en paad om de skea op te nimmen. Op It Amelân is op fyftjin plakken lytse skea fûn. It smyt gjin direkt gefaar op.

De kearmuorre yn Harns, de Johan Frisoslûs, de Tsjerk Hiddesslûs en de gemalen by Roptasyl en Swarte Haan bliuwe foarearst wol ticht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)