Fisk kin ôfslach yn swimme

06 des 2013 - 14:34

Yn de fiskôfslach yn Lauwerseach kaam troch de stoarm en it hege wetter in heale meter wetter te stean. Dat is net de earste kear: yn 2007 stie it gebou ek al splis. Troch it wetter koe de fiskôfslach net iepen. Dat hat gjin problemen foar de fiskers opsmiten. Dy hiene fanwege it waar de fangst tongersdei al by de feiling brocht.

Oare gebouwen oan de bûtenhaven fan Lauwerseach hâlden it ek net droech. Sa stiet it fiskrestaurant ek foar in grut part ûnder wetter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)