Kontenerskip net mear op drift
It kontenerskip Balticborg dat tongersdeitejûn by Flylân yn 'e problemen kaam, hat de reis ferfolge. It skip moast by it eilân foar anker gean, omdat der troch de stoarm problemen mei de lading ûntstiene. Dy problemen binne yn de rin fan de moarn ferholpen. It skip kin no selsstannich fierder farre.