Krúsjaal treffen foar Cambuur

Cambuur spilet sneontejûn de krúsjale útwedstriid tsjin RKC Waalwijk. Beide ploegen sitte yn de ûnderein fan de ranglist. Cambuur hat twa punten mear as RKC en by winst kinne de Ljouwerters wer wat nei boppen sjen. By Cambuur is der noch in bytsje twifel oer spits Michiel Hemmen, mar it liket derop dat er wol spylje kin. Fierders is de seleksje folslein. Lucas Bijker komt werom yn de basis. Hy is wer fit nei in ankelblessuere. Bart van Brakel begjint nei alle gedachten ek wer yn de basis.
Opstelling fan Cambuur: Nienhuis, Droste, Van der Laan, Leeuwin, Bijker; Bakker, El Makrini, Van Brakel, Lukoki, Hemmen, Ritzmaier.
Foar de buskomby nei Waalwijk binne twahûndert kaarten ferkocht.