Skip wer fan dyk ôf lutsen

06 des 2013 - 12:23

It mjitskip De Kennemer fan Rykswettersteat is neidat it troch de stoarm tsjin de dyk by Ternaard oan bedarre, no op eigen krêft ûnderweis nei Harns. It is freedtemoarn flotlutsen.

De Kennemer lei by Holwert en rekke op drift troch de hurde wyn en it hege wetter. De touwen wiene knapt. It skip bedarre op de hegerlizzende pôlen, tsjin de dyk oan. De skea liket ta te fallen. It skip is op ien plak boppe de wetterline laske foardat dermei fearn wurde koe. Yn Harns wurdt de Kennemer op it droege set, om it skip nochris goed nei te sjen op skea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)