Gjin skea, wol soad rotsoai

06 des 2013 - 11:48

De stoarm en it hege wetter hawwe oant no ta gjin skea tabrocht oan de Waaddiken. Dat lit it Wetterskip Fryslân witte nei in ynspeksje. Wol is der in soad rotsoai achterbleaun, dat oprêden wurde moat.

It wetterskip stelt freedtemoarn opnij dykbewaking yn oan de Waadkust. De organisaasje docht dat, omdat der om dat tiidstip hinne wer in flinke ferheging fan de wetterstân ferwachte wurdt. It soe by Harns gean om sawat 3.35 meter boppe NAP, by It Amelân om sawat 3.20 meter. De diken waarden yn de nacht fan tongersdei op freed ek al bewaakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)