Sieraden stellen by ynbraak

(fotofoarbyld) © Omrop Fryslân
By in wenningynbraak yn Drachten binne tongersdei sieraden stellen. De ynbraak moat bard wêze tusken alve oere moarns en healwei achten jûns. De dief kaam it hûs oan de Flevo yn troch in rút stikken te meitsjen. De bewenner mist gouden en sulveren sieraden.
De 60-jierrige bewenner hat oanjefte dien fan de stellerij. De plysje siket tsjûgen fan de ynbraak.