Measte brêgen kinne wer iepen

De measte provinsjale brêgen yn Fryslân wurde wer betsjinne. Dat lit de provinsje witte. Tongersdei giene de brêgen net mear iepen fanwege de stoarm. Sûnt freedtemoarn njoggen oere wurdt dat wol wer dien. Allinnich by de brêgen by Dronryp en de Stasjonsbrêge yn Frjentsjer jilde noch beheinings. Dy kinne by stoarmpûsters net bestjinne wurde.
De skutslûs by Harns kin noch net iepene wurde. Dat is omdat oan de Waadkant noch tefolle wetter stiet.