Fytsebank yn SWF en Lit'diel

Nei de foedselbank, de kleanbank en de boartersguodbank, komt der no ek in fytsebank. Yn de gemeenten Súdwest-Fryslân en Littenseradiel kinne minsken mei jildkrapte fergees in twaddehâns fyts krije. Bygelyks âlden dy't libje fan in útkearing en bern hawwe dy't foar it earst nei de middelbere skoalle gean, kinne in fyts útsykje.
It giet dan om fytsen dy't fûn binne of dy't bygelyks langer as fjouwer wiken op it stasjon stean. De fytsen wurde opknapt troch Empatec.