Part sintrum Frjentsjer ticht

05 des 2013 - 23:43

De plysje hat tongersdeitejûn in part fan it sintrum fan Frjentsjer ôfsletten omdat de tinte op de Breedeplaats drige fuort te waaien. De brânwacht waard ynskeakele om dat foar te kommen. Dy hat der foar soarge dat de tinte delhelle waard.

Dêrby is der in brânwachtauto op de tinte parkeard om alles op syn plak te hâlden. Wat de skea is, is noch net te sizzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)