Hege wetterstân yn Fryslân

De hurde wyn op de Waadeilannen soarget tongersdeitejûn foar ûnderrinnende kaden op Flylân. Dat luts in soad publyk. Om tsien oere waard de wetterkearing 'de coupure' op Flylân sletten om't de wetterstân heger kaam as ferwachte wie: 2,85 meter boppe NAP wylst 2,40 meter ferwachte wie.
Ek op Skylge en yn Harns kaam it wetter oer de kaden en steigers hinne.