Petear oer bertekrik

05 des 2013 - 21:22

Feehâlders komme yn aksje om it ferbod op in bertekrik by it kealjen op te heffen. De sektor sil yn petear mei steatssekretaris Sharon Dijksma fan lânbou om betingsten foar de bertehelp te bepraten, sadat dy wol brûkt wurde kin.

By dizze bertehelp kin ekstra lûkkrêft setten wurde mei in soarte fan ferlostange. Aksjegroep Wakker Dier mient dat it gefaarlik is en foar letsel soarget, lykas brutsen bonken. Feehâlders miene dat sa'n feeferlosser krekt libben fan ko en keal rêdt as it by de keallerij misgiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)