Swarte Klaas en Wite Pyt
Hear de wyn waait troch de beammen, mar dat hâldt Sinteklaas fansels net tsjin. It mei dan stoarmje, it is op 't lêst 5 desimber. Op de Maritime Akademy yn Harns fiere se Sinteklaas op harren eigen wize: mei in Swarte Klaas en in Wite Pyt. Sint giet ek nei de ynboargeringsklasse, dêr't minsken út it bûtenlân Nederlânske les krije.