Spitsoere by winterneedopfang

02 feb 2012 - 18:28

De winterneedopfang fan De Terp yn Ljouwert hat dizze wike twa kear safolle minsken oer de flier as oars. Sy krije dêr net allinnich in waarm bêd en in ferplichte dûs, mar ek noch in waarm miel.

Fanwege de lege temperatueren is sliepe by de needopfang no fergees. Ek geane meiwurkers fan 'e needopfang aktyf op syk nei minsken dy't dochs noch bûtendoar sliepe. Sy krije it driuwende advys om nei de winterneedopfang te gean. De opfang hat alle nachten tusken de 35 en 40 gasten.

De regels by de opfang binne wat minder strang as oars. Ek minsken ûnder ynfloed fan drank en drugs wurde net wegere. By de nachtopfang brûke is net tastien. Drank en medisinen moatte by de resepsje ôfjûn wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)