Jûn en fannacht dykbewaking

05 des 2013 - 16:03

Wetterskip Fryslân stelt fan tongersdeitejûn healwei njoggenen ôf oan de hiele Waadseekust dykbewaking yn. Op de eilannen Skiermûntseach en It Amelân is it Wetterskip aktyf. Dêr wurde ek frijwilligers ynset om de diken op sterkte te kontrolearjen. It is springtij en troch de swiere noardwesterstoarm kin it wetter heger wurde as 3.30 meter. Tsjin tolven is it heech wetter.

Pyt Paulusma melde om fjouwer oere útsjitters fan 137 kilometer yn de oere yn Starum en 128 op Flylân. De stoarm boazet jûn wer oan.

De noardwesterstoarm sil jûn en fannacht ek wiete snie meifiere. As alles goed giet, kinne de dykbewakers nachts om in oere of twa wer nei hûs ta.

Op Skylge is Rykswettersteat ferantwurdlik foar de diken. Op Flylân giet de ôfsluting yn de dyk ticht. De skea liket oant no ta ta te fallen op it eilân. Boargemaster Ella Schadd-de Boer meldt gjin omwaaide beammen en stikkene dakpannen. Der binne wol stikken dún ôfslein.

Yn Koudum is in opmitsele bûtengevel fan in hûs ynstoart. Op Flylân liket de skea troch de stoarm ta te fallen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)