Gefaarlike munysje yn Waadsee

05 des 2013 - 15:32
  • De Kalkman tusken It Amelân en Skiermûntseach
  • Munysjestoartplak De Izelbult by De Kalkman

Op de boaiem fan de Waadsee leit 500 ton oan net ûntplofte, skerpe Dútske granaten út de Twadde Wrâldoarloch. It giet om munysje dy't nei de oarloch dumpt is tusken It Amelân en Skiermûntseach. Net ien wit krekt yn hokker steat de munysje is en dat soe foar gefaar soargje kinne. Dat docht bliken út ûndersyk fan Omrop Fryslân en it programma EenVandaag.

Boargemaster De Hoop fan It Amelân dy't ek foarsitter is fan gearwurkingsferbân De Waadeilannen, wol gjin munysjedepot yn in natoergebiet mei Wrâlderfguodstatus. Hy wol dat it oprêden wurdt.

De Waadferiening en it Fryske Gea bin benaud foar miljeuproblemen. As troch de wurking fan it sâlte seewetter de granaten trochruskje komt de giftige ynhâld frij en ferspraat dy him yn de Waadsee.

Yn opdracht fan Definsje die TNO yn 2001 ûndersyk nei it stoart. It ûndersyksynstitút advisearre doe de bulte ien kear yn de fiif jier goed te kontrolearjen. Mar dat bart net. Neffens Definsje is Rykswettersteat ferantwurdlik foar it behear fan de Waadsee. Rykswettersteat lit witte gjin opdracht krigen te hawwen foar it yn de gaten hâlden fan it munysjestoartplak. Neffens de Waadferiening is it it safolste foarbyld fan it ôfskowen fan ferantwurdlikheden as it giet om it behear fan de Waadsee.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)