Ekstreem hege golven

05 des 2013 - 15:09

De stoarm soarget foar ekstreem hege baren op de Noardsee benoarden de Waadeilannen. By Skiermûntseach hat it skip Borkumerrif weagen fan 11,80 meter hichte metten. Dat wie noard-noardeast fan it eilân. Skippen op de Noardsee melde wynkêft 11 à 12.

Golven fan hast 12 meter binne foar Nederlânske begripen ekstreem heech. Frachtskippen kinne dat wol hawwe, mar de faak lytsere fiskersskippen hawwe in feilige haven opsocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)