Swiere stoarm yn Fryslân

In swiere stoarm lûkt op dit stuit oer Fryslân. Yn it Waadgebiet stiet in wyn út it súdwesten krêft 10, mei wynstjitten oant 130 kilometer yn de oere. Wetterskip Fryslân stelt foar tongersdeitejûn en -nacht folsleine dykbewaking yn. De wetterstân wurdt heger as 3.30 meter. Der is lykwols gjin direkt gefaar. De diken kinne folle mear hawwe, seit Harry Boon fan Wetterskip Fryslân.
De treinen fan Arriva en NS ride net mear. De boaten nei Skylge en Flylân farre net en nei It Amelân is de tsjinstregeling oanpast. De bussen fan Arriva ride wol.
De helptsjinsten roppe elk op om allinnich yn needgefallen 112 te beljen, bygelyks as in beam op in hûs of op minsken driget te fallen. Yn oare gefallen kin belle wurde 0900-8844.
In soad skoallen foar fuorrtset en heger ûnderwiis hawwe de learlingen en studinten nei hûs ta stjoerd. In soad learlingen moatte mei de fyts of mei it iepenbier ferfier nei hûs, mar de treinen ride net mear. De gewoane bussen ride noch wol.
De provinsjale brêgen wurde net mear betsjinne. As it hurder waait as wynkrêft seis is dat net mear ferantwurde. Guon gemeentlike brêgen hawwe ek gjin bestjinning mear.