Mooglik dykbewaking by stoarm

Wetterskip Fryslân hâldt der rekken mei dat der tongersdeitejûn en -nacht dykbewaking nedich is by It Amelân, Skiermûntseach en tusken Ternaard en Lauwerseach. Tondersdeimiddei wurdt dêr definityf in beslút oer naam, op grûn fan de wetterstannen dy't trochjûn wurde troch Rykswettersteat. Dykbewaking wurdt ynsteld by in wetterstân fan 3 meter en heger.
Yn tsjinstelling ta de stoarm fan 28 oktober is it fannacht springtij, wêrtroch it wetter folle heger komt. De ferwachting is dat ek de keardoarren by de haven fan Harns tichtdien wurde.