Fryslân riedt him ta op stoarm

05 des 2013 - 06:42

Fryslân makket him op foar de swiere stoarm dy't tongersdei oer ús provinsje hinne komt. It swiertepunt fan de stoarm leit oan it begjin fan 'e middei. Benammen op Waadeilannen en yn de kustgebieten lûkt de wyn oan. Dat betsjut kâns op heech wetter en springtij. Op It Amelân makket Rykswettersteat him klear foar de stoarm.

Ek yn Opsterlân hat de gemeente previntive maatregels nommen yn ferbân mei de stoarm. Meiwurkers fan de gemeente binne op paad om de beammen dy't by de ôfrûne stoarmen skea oprûnen, te ynspektearjen.

Trefwurden: 
stoarm tarieding
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)