Fluch beslút rânewei Akkrum

Binnen in jier moat der in finaal beslút komme oer de nije rânewei fan Akkrum. Dat waard woansdei sein op in spesjale ynformaasjegearkomste yn it doarp. De nije rânewei moat der foar soargje dat fracht- en lânbouferkear net langer troch it sintrum giet.
Kosten fan it projekt wurde rûsd op 5,7 miljoen euro. Fanút it doarp wurdt der al hast tsien jier oer de plannen praten. Net alle ynwenners binne der bliid mei. Sa binne guon winkellju benaud dat der minder minsken nei it sintrum komme en omwenners fan de nije dyk binne benaud foar oerlêst.
Opmerklik is dat it plan no útfierd wurdt troch de gemeente Hearrenfean. Troch de weryndieling fan Boarnsterhim falt Akkrum fan 1 jannewaris ôf ûnder dy gemeente. Neffens de gemeente sil dat gjin fertraging opsmite om't beide gemeenten al langer oparbeidzje by dizze plannen.