Hearrenfean pakt punt by ADO

Sportklup Hearrenfean hat troch in goal yn blessueretiid fan Kenneth Otigba in punt oerhâlden oan de minne wedstriid tsjin ADO Den Haach. Hearrenfean stie troch in goal yn de 70ste minút mei 1-0 efter. Keeper Nordfeldt koe in skot fan Van Duinen net goed ferwurkje. Pas yn de einfaze sette Hearrenfean echt oan, wêrnei't Otigba mei in heale omhaal fraai de lykmakker skoarde.
By winst wie Hearrenfean opklommen nei in fjirde plak. No bliuwt Hearrenfean sânde mei ien punt minder as Feyenoord. Snein is it Hearrenfean-Feyenoord.