Oerwurk yn toer Easterwierrum

04 des 2013 - 17:30
  • De toer fan Easterwierrum krijt wer in oerwurk

De lossteande tsjerketoer fan Easterwierrum krijt in oerwurk. It giet om in brûkt eksimplaar. Yn Wommels wie woansdei de offisjele oerdracht fan it oerwurk oan de gemeente Littenseradiel.

It oerwurk is ein tachtiger jierren út in ôffalkontener fiske. Doe wie net dúdlik wêr't it oerwurk wei kaam, mar ûndersyk hat dúdlik makke dat it oerwurk út de toer fan Iens kommen is. Jierren lyn is it oerwurk derút helle en fuortsmiten. Yn Easterwierrum krijt it oerwurk úteinlik in twadde libben.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)