Holwerter bliuwt langer fêst

04 des 2013 - 17:19
  • Hin

De 69-jierrige Holwerter dy 't fertocht wurdt fan de yllegale hannel yn groeihormoanen moat noch 90 dagen langer fêstsitte. Sa hat de rjochtbank yn Almelo woansdei bepaald. De Holwerter soe ien fan de grutste hannelers wêze yn yllegale grûnstoffen foar groeihormoanen. Ferline wike waard er tegearre mei syn 41-jierrige dochter út Drachten oanholden. Justysje nimt de saak heech op, sa docht bliken út de oanklacht.

It groeihormoan 17 beta estradiol soe foaral brûkt wurde yn de feehâlderij en de plomfeehâlderij.

Nei yninting binne kij en hinnen earder klear foar de slacht. 17 beta estradiol is yn Nederlân en ek oare Europeeske lannen ferbean fanwege it gefaar foar de sûnens fan minsk en bist. De Holwerter waard earder ek alris fertocht fan de hannel yn groeihormoanen, mar waard doe frijsprutsen. Syn advokaat ferwachtet dat no wer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)