Wagenborg skrast fearten

Fearboat Skiermûntseach © ANP
Rederij Wagenborg skrast tongersdei en freed ferskate fearten. Tongersdei giet de boat fan 18.30 oere rjochting Skiermuontseach net en de boat fan 19.30 oere fan it eilân ôf ek net. Freed farre de boaten moarns en oan it begjin fan 'e middei net.
Dit betsjut dat de boaten fan 9.30 oere en 12.30 oere rjochting Skier en de boaten fan 10.30 en 13.30 oere nei Lauwerseach net farre.