Straf FC Grins definityf

04 des 2013 - 16:12

FC Grins mei definityf gjin supporters meinimme nei de earstkommende wedstriid tsjin SC Cambuur yn Ljouwert. De KNVB hat de Grinzer fuotbalklup straft foar misdragings fan de fans yn it stadion. De supporters hawwe stekken fernield en provokaasjes rjochting de Ljouwerter fans roppen.

Cambuur krige earder al in boete fan 5000 euro fan de KNVB foar wangedrach fan Cambuur-supporters.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)