Rige ynbraken yn Easterwâlde

04 des 2013 - 15:48
  • Plysjejas

Ynbrekkers hawwe tiisdei yn Easterwâlde op acht plakken ynbrutsen. De dieven hawwe oerdeis en oan it begjin fan de jûn twa kear taslein op de Kringgreppelstrjitte, de Frankensingel, twa kear op de Snellingerdyk, de Dwarshear, de Logten en yn de Oostenbrink. De ynbrekkers hawwe ûnder oare iPads, laptops, jild en sieraden stellen.

De dieven kamen deryn troch ruten te fernielen. De plysje hat in buertûndersyk holden en hopet dat tsjûgen harren melde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)