Doomijn nimt berne-opfang oer

04 des 2013 - 15:27

De 21 Fryske pjutteboartersplakken fan berne-opfangorganisaasje Speelwerk binne oernaam troch Doomijn. Speelwerk is dizze wike fallyt gien en yn oerlis mei de kurator hat Doomijn yn totaal 68 opfanglokaasjes oernaam. Dêrfan binne 21 yn it súdeasten fan de provinsje. Personiel dat op de lokaasjes wurket kin gewoan oan it wurk bliuwe. Om hoefolle minksken it krekt giet is noch net dúdlik, lanlik giet it om sa'n 300 meiwurkers.

Speelwerk rekke yn de finansjele problemen trochdat it tal ynskreaune bern bot ôfnaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)