Gearwurking grutte gemeenten

Kaart fan Fryslân
De fjouwer grutste Fryske gemeenten slaan de hannen yn elkoar. Troch better meiïnoar gear te wurkjen, tinke Ljouwert, Smellingerlân, Hearrenfean en Súdwest-Fryslân sterker te stean yn Den Haach en Brussel. Der sille mear bedriuwen nei Fryslân takomme troch de gearwurking en dat smyt ek mear banen op.
De gemeenten fine dat se elkoars sterke punten fersterkje. Ljouwert docht in soad oan wettertechnology, Súdwest-Fryslân oan rekreaasje en toerisme, Drachten hat in soad logistike bedriuwen en It Hearrenfean hat Sportstad.
De gemeenterieden moatte noch in beslút nimme oer de gearwurking.