Harm Zeinstra kontrakt Cambuur

04 des 2013 - 13:54
  • Harm Zeinstra
  • Harm Zeinstra

De 24-jierrige keeper Harm Zeinstra hat in kontrakt tekene by Sportklup Cambuur. Zeinstra is yn de simmer oerkaam fan FC Emmen. Dêr hat hy fjouwer seizoenen spile. De út Ljouwert ôfkomstige Zeinstra komt út de jeugdoplieding fan Cambuur. Hy hat koartlyn syn debút al makke foar de Ljouwerter klup yn de wedstriid tsjin NEC. It kontrakt rint oan de ein fan dit seizoen.

As Cambuur yn de earedivyzje bliuwt, wurdt it kontrakt automatysk ferlingd oant heal 2015.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)