Fries 'amtner fan it jier'

04 des 2013 - 11:30
  • Ferkiezing jonge amtner fan it jier

Wybren Jorritsma fan de provinsje Fryslân hat kâns om takom moanne keazen te wurden as Jonge Amtner fan it Jier. Fan de acht kandidaten binne der nei in lêste seleksjeronde noch fjouwer oer. De finale is op 23 jannewaris yn Utrecht.

De 30-jierrige Wybren Jorritsma wennet yn Grins, mar komt fan Wommels. Njonken de amtner fan de provinsje Fryslân binne de oare trije kandidaten Maarten Verkerk (31) fan it wetterskip Aa en Maas, Maarten Sinnema (29) fan de gemeente Diemen en Ellemieke van Doorn (29) fan Rykswettersteat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)